12 maart; Memories of a nightclub

5 januari 2016

De bar is iepen, de fuotsjes kinne fan 'e flier; Harmonie Weidum besoarget jo in âlderwetsk gesellige jûn fuort!

It konsert 'Memories of a nightclub' lit âlde tiden wer libje. Muzyk út de jierren tritich mar ek hjoeddeistige deuntsjes komme foarby. Ien ding is wis; net ien bliuwt stilsitten. De fanfare lit him letterlik en figuerlik fan syn bêste kant sjen, de artysten sille jo ferrasse. De sealoanklaaiïng is yn hannen fan mearfâldich Gouden Gurbe winner Jaap Groen, de fanfare stiet ûnder lieding fan de altyd entûsjaste Ria Fennema.

Yn Weidum leit 12 maart de dûnsflier foar jo klear om te dûnsjen en te swingen op muzyk fan ûnder oare Jim Croce, Amy Winehouse, Glenn Miller Orchestra en Kyteman. Fanfare Harmonie Weidum besoarget jo in ûnferjitlike en âlderwetsk gesellige jûn út mei it unike ‘Memories of a nightclub’ konsert yn de folslein oanklaaide grutte seal fan it doarpshûs fan Weidum.

Mei ‘Memories of a nightclub’ wurdt de taskôger de dûnsflier oplutsen troch de gelegenheids bigband dy ’t spesjaal foar dizze jûn foarme wurdt. Lit jo ferrasse troch ferskate gastmuzikanten lykas The Andrew Sisters, pianist Jan Stulp en sanger Wybo Smids dy ’t Frank Sinatra fertolket.

De kaarten à €10,- it stik binne 12 maart oan de doar te krijen en fan no ôf fia dit bestelformulier. De nachtclub iepent har doarren 20:30, om 21:00 is de kick-off.

 

De poster is makke troch Annemarijke Haaima fan Studio Haaima.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o.