Festival Malletband Elburg 13 juni 2015

21 juni 2015

Achte Lêzers,

13 juni j.l. ha wy mei de malletband nei Elburg west foar in festival. Dit wie nei it Valentijnskonsert it en ús earste grutte optreden bûten de doar mei ús nije dirigint Martijn Oostra.

Moarns 07.00 de instruminten yn de auto sadat wy yn optocht nei Elburg riden binne. Der oankaam om 09.00 moasten we noch wachtsje op de lotting wannear as wy spylje koene. Patricia is mei west foar de lotting en kaam werom mei it nijs dat wy as twadde ús stikken hearre litte meie. Dit wie sa rûn de klok fan 10.30. Nei it spyljen fan ús trije stikken "Concert Intrada" "Tres Sorores" (troch Martijn sels komponearre) en in medley fan "Marco Borsato" wie it wachtsjen op de punten.

Troch dochs aardich wat dielname yn de ferskate klassen koe dit wol 22.00 wurde dat der wie besletten om mar nei hûs te gean of te wol meielkoar te wokken nei Bolsert. Dit wie tige gesellich. Martijn hie kunde troffen yn Elburg sadat jûns tidens it wokken der in tillefoantsje gong nei dizze kunde om te hearren wer as wy einige binne.

En tadaaaa......89,33 punten yn de middenklasse!! It juryrapport soe ús wol neistjoert wurde. Foarearst... best genoch!

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring