Ofskie Jan Geert Nagel 28 septimber 2014

21 juni 2015

No goeie allegearre, achte lêzer,

Ja ik wit it (en eins gjin ekskús te betinken) mar tiid hâld gjin skoft en........derom ha jimme dit noch te goede.

It wie 29 juni 2014 doe wy in ôfskiekonsert dien hawwe foar de lêste kear mei Jan Geert Nagel as ús dirigint.

Dit konsert ha wy tegearre mei de fanfare (korps) út- en opfiert foar de bewenners fan Nij Dekama en oare belangstellenden. Wy ha it troffen want it wie prachtich waar.

Nei dit konsert is der oan Jan Geert en syn Frou in ballonfeart oanbean - troch Harmonie Weidum - wer`t wy oant no ta noch net fan heart ha as dit al plak fûn hat.

Fansels woene wy as malletband dit ôfskie net samar foarby gean litte en troch goed kontakt mei syn frou wisten wy - nei de simmer en in konsert yn en mei Bolsert - Jan Geert en syn gesin "stikem" op 28 septimber 2014 om 16.00 nei it fersierde doarpshûs te loadsen.

Wy as malletband stiene mûsstil efter de skodoar en Jan Geert tocht (??) fansels dat der net ien wie, oant de skodoar iepen gong.

Wy ha doe mei syn allen ûnder it genot fan in hapke, drankje, in inkele trien, ferhalen en oars sawat ofskie nommen fan Jan Geert en winsken him alle goeds en gesellichheid ta by de fanfare yn Stiens wer as hy no dirigeart.

Mar sa as wy doe ek al seine,

“Ôfskie nimme bestjit net, do gjist fuort mar we sille dy fêst wer tsjinkomme”.

En wat docht blyken?? Wy komme Jan Geert noch gau ris tsjin......

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o.