festiValentijn Harmonie Weidum trochslaand sukses!

15 februari 2015

Muzykferiening Harmonie Weidum organisearre falentynsdei foar it earst in Valentijns Festival. Unyk yn Fryslân. 135 besikers waarden lâns fjouwer lokaasjes laat wêr’t sy gedichten hearden, vuurvliegjes troch it lân dûnsjen seachen en hearden sy santjin ferskillende muzykstikken. Útfierd troch in kombinaasje fan malletband en fanfare, dit wie foar it earst yn de 117 jierriche skiednis fan de feriening dat der sa nau gearwurke waard. De reaksjes nei ôfrin wiene sûnder útsûndering allegear tige posityf. It konsept mei proaza, poëzy, dûns en muzyk wie foar Harmonie Weidum in boppeslach.

Foto's: Piet Douma


« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o.