Update festiValentijn

3 februari 2015

It wie de ôfrûne wykeinen in drokte fan belang yn Weidum. Ferskate lokaasje wiene drok befolke troch dûnseressen en muzikanten. De tsjerke wie it honk foar (it grutste gedielte fan-) de malletband en Martijn wêr't sy muzyk makken mei Yldau Bijlsma en Jasmin Lukkes. De akoestiek is goed, de klank fan de slachwurkynstruminten komt moaier ta syn rjocht dan as wy yn 't foaren betinke kinnen hiene. It ljochtplan fan ljochtman Patrick Kramer is ree, dat de fertellers Sjoerd Bottema en Tsjerk Bottema komme goed yn it ljocht te stean. Anje Groen hie de lytse seal fan it doarpshûs ta har beskikking, in bytsje te lyts foar har bysûndere dûns, mar de froulju Feikje, Merel en Lineke hiene de dûnspaskes lykwols samar yn 't snotsje. We hoopje dat de oare beide fammen gau opknappe, sadat it stel takom wike kompleet is. Want moai, dat wurdt it! Ria helle de swipe der oer yn de grutte seal. De truien waarden útlutsen, mouwen opstrûpt en it swit op 'e holle: Der waard omraak muzyk makke. Wybo Smids rekke de leden en de diriginte mei syn fertolking fan Frank Boeijen's Zeg me, dat het niet zo isNei sa 'n repetysjedei barst it doarpshûs hast útinoar fan alle enerzjy, wat in lust om sa mei elkoar oan de slach te wêzen. We telle de dagen, noch 11 te gean! 

Treffe wy dy by it kearsljocht?

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o.