Oprop oan skriuwers & dichters

26 november 2014

Oprop oan skriuwers & dichters

14 febrewaris hat it alderearste Valentijns Festival plak yn Weidum. Dit barren is in gearwurking fan malletband, fanfare, dichters, fertellers, muzikanten en sjongers. Besikers wurde meinaam op in muzikale reis lâns leafde, lust en drama. Ferrast troch sfear, rekke troch noaten en oan it tinken set troch proaza en poëzy.

Wy binne op syk nei gedichten mei as reade tried 'De Leafde' yn al har fasetten (lês: fereale, lust, gelok, drama). Hasto poëzy lizzen fan eigen hân, as wolst in nij gedicht ynstjoere? 

Mail dizze nei: harmonieweidum@outlook.com

Dit mei ek anonym: yn in slúf op Sânpaed 34 yn de bus

 

Fereasken:

* Tema Leafde

* Frysk as Nederlânsk

* Eigen wurk

Jong en âld kin meidwaan: net stinne, mar klim yn de pinne!

 

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring